Martinikerk Bolsward

Meer informatie over de Hinsz-orgelconcerten 2018 staat vermeld op www.hinszorgelbolsward.nl 

09-11-2018 - 19.30 uur

Musical Master Gysbert II De Pompeblêdspion

De Gysbert Japicx Holckema Stichting presintearret yn gearwurking mei Tjerk Kooistra en syn akteurs in hagelnije musical oer it Frysk en meartaligens yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018. It is in humoristyske foarstelling dy't jong en âld op it puntsje fan harren stoel sitte litte sil. Mei prachtige lieten en in bysûnder ferhaal oer Master Gysbert. Begjin novimber is de premjêre yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Ek komt der in famyljefoarstelling. Dêrnei giet it teäter op reis en is de musical te sjen foar alle skoalbern fan groep 5 o/m 8 út it basisûnderwiis. It edukative programma is foar bern fergees en wurdt stipe troch Provinsje Fryslân, Gemeente Súdwest-Fryslân, de Douwe Kalma Stichting, it Feitsmafûns, Prins Bernhard Cultuurfonds, de Boersma-Adema Stichting, de Boalserter Stichtingen; Stichting het Weeshuis, Sint Anthony Gasthuis en Hendrick Nannes- en Catrijn Epes Stichting. Us partners binne: Cedin, Fryske Biblioteken en Kulturele Haadstêd 2018. In protte entûsjasme ûnderfine wy yn de gearwurking mei de lokaasjes: de Martinitsjerke yn Boalsert, Kultuerhús de Klameare yn Warkum, Cultuur Kwartier Sneek yn Snits, Bloemketerp yn Frjentsjer, it Doarpshús yn Weidum, MFC de Bidler yn Wergea en MFC de Skâns yn de Gordyk. Tank oan de Gemeente Súdwest Fryslân foar de meiwurking oan it programma fan de skoallen yn Boalsert. 

www.gysbert.frl 
< Terug